Wat Koos Tiemersma slagget en Hylke Speerstra net
It winnen fan in ‘grand slam’ hearde ta de mooglikheden foar de Fryske skriuwer Ale S. van Zandbergen. Hie er de Gysbert Japicxpriis 2015 wûn, dan hie er trije wichtige literêre prizen yn de bûse. Mar it wie net sa: Koos Tiemersma is de winner mei syn digiboek Einum
Door De RedactieDe plattelânsroman is opnij útfûn mei Einum, fynt de sjuery. Koos Tiemersma is deryn slagge mei syn beskriuwing fan it doarp dat er op it Bildt tocht hat, mar dêr’t er it fertutearze Grinzer Ganzendijk foar yn de holle hân hat.
De jury seit: ,,It lit in lytse doarpsmienskip sjen dy’t bestiet út tafallich neist inoar wenjende minsken yn in úthoeke fan Fryslân. Yn elk haadstik sjogge wy it lytse doarp út it perspektyf fan in folgjend personaazje."
Nije útdaging
It wie foar Koos Tiemersma in nije útdaging, ,,omt er eins wol klear wie mei skriuwen''. Mar in boek wat net ferskynt as boek, mar allinnich digitaal is te krijen, soks triuwde him yn de goede rjochting. Soks wie it besykjen wurdich. ,,It is klear no't it der is'', seit Tiemersma.
Einum biedt in filmyske blik op it libben yn in hjoeddeiske plattelânsmienskip. De lêzer komt yn de kunde mei de kleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Elk haadstik hat wer in oar in personaazje, ja ek in pedofyl want ,,soks is hjoeddedei gewoan''. De skriuwer hâldt faasje mei syn bysûndere fertelstyl, mei ek humor.
Tidens it Frysk Boekefeest yn Ljouwert waard dúdlik wa’t de winner is fan de Gysbert Japicxpriis. Der wiene trije nominaasjes oerbleaun: In kop as in almenak fan Elske Hendriks (it pseudonym fan Elske Schotanus), Einum fan Froon Akker (pseudonym fan Koos Tiemersma) en Littenser Merke fan Ale S. van Zandbergen.
It heechste fan it heechste is de Gysbert Japcxpriis. It is de twajierlikse priis foar it bêste Frysktalige literêre wurk, om en om foar proaza en poezij. It is yn 2015 in €10.000 oan jild en boppedat €5.000 om it wurk fan de priiswinner oer te setten. De priisútrikking is yn de Martinitsjerke yn Boalsert op sneontemiddei 10 oktober.
Mienskip
Alle trije nominearre boeken toane de feroarings yn in mienskip. Ale S. van Zandbergen hat syn twalûk oer Littens, en Elske Schotanus beskriuwt de feroarings yn tiid mei as ynspiraasjeboarne har mem. It is in famyljeskiednis, mar ek wer folle mear as dat.
It al bekroande wurk is fan Ale S. van Zandbergen. Hy hat yn 2014 de Douwe Tammingapriis krigen foar it bêste debút en yn itselde jier ek de Rink van der Veldepriis foar de beste roman út de jierren 2013 en 2014 foar in breed publyk.
,,Skriuw yn in dekôr dat je eigen is’’, is it adfys fan Ale Sietse van Zandbergen, berne en opgroeid yn Easterlittens. It is it plak dêr’t de ferhalen yn syn boek him ôfspylje. ,,Ik bin begûn te skriuwen en foardat ik it wist gie it oer dûmny’s. Is soks frjemd? Nee, wy wennen njonken dûmny.’’
Syn boek hat eins twa ferhalen út Littens. Yn it iene giet it om in dûmny út de njoggentjinde ieu, yn it oare om giet om it grutwurden fan Liuwe Bosgra in ieu letter. Ja, dizze jongkeardel hat frij wat fan Van Zandbergen meikrigen. ,,Hy liket in bytsje op my.’’ It is gjin tafal dat it om in soan fan de slachter giet, soks wie de skriuwer ek.
Hylke Speerstra
It Fryske boek mei it grutste ferkeapsukses no is Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra. De ferhalen fan de Indiëgongers hat hy krekt op tiid hiel moai beskreaun. Syn boek is sosjale skiednis, krekt as syn grutte sukses It Wrede Paradys dat is.
De sjuery hie it boek dizze maitiid al wol op de earste ‘shortlist’ setten foar de Gysbert Japicxpriis 2015. Mar fierders as dat kaam it net. Lykas earder, is it wrakseljen mei de kritearia. En by eintsjebeslút is de konklúzje dat der yn Fryslân gjin literêre priis beskikber is om de skriuwer mei no it measte sukses, Hylke Speerstra, te earen.
Laatst gewijzigd op 11-09-2015 om 23:05 uur